Fan krûmels en brea

Iepenloftspul De Pein

By in lange tafel yn ’e iepen loft ûntfangt in âldere frou bysûndere gasten út har ferline. De oantinkens nimme ús mei nei De Pein yn ’e oarlochsjierren 1940–1945.
In oandwaanlik ferhaal oer dielen, honger, hope en minsklikens — sels yn tsjustere tiden.

Lês mear oer it stik

Spyldata en Kaartferkeap

Jo wolle der ek by wêze dochs?


PremjêreTongersdei 3 septimber
Foarstelling 1Freed 4 septimber
Foarstelling 2Sneon 5 septimber
Foarstelling 3Snein 6 septimber

Wy begripe datst graach no al kaarten keapje wolst, mar dat is spitigernôch noch net mooglik.
Wy ferwachtsje dat de ferkeap 6 maaie 2026 begjint.

Hâld ús webside en sosjale media yn ’e gaten.

Lês mear oer de kaartferkeap

We doche it

mei elkoar en foar elkoar

  • Stiper wurde?

    Foar dit jubileumprojekt sykje wy partners dy’t bydrage wolle oan kultuer en lokale skiednis. Sponsoring kin op ferskate wizen — wy tinke graach mei oer sichtberens en tsjinprestaasjes.

    Ynteresse? Nim gerêst kontakt op.

    Mear ynfoarmaasje

  • Frijwilliger wêze?

    In grut projekt dochst mei-inoar. Wy sykje frijwilligers foar o.a. opbou, publyksbegelieding, catering en technyk. Underfining is moai, mar net needsaaklik.

    Doch mei — tegearre meitsje wy der wat bysûnders fan!

    Mear ynfoarmaasje

  • Kaarten Keapje?

    Hâld ús webside en sosjale media yn ’e gaten.

    Mear ynfoarmaasje

Al 100 jier ferdivedaasje

Toanielferiening Violeria

Violeria is de toanielferiening fan De Pein — en yn 2026 fiere wy ús 100-jierrich bestean. In iuw lang hawwe wy mei passy ferhalen ta libben brocht en ús mienskip byinoar brocht.

Fan lytse doarpsfoarstellings oant gruttere projekten yn ’e iepen loft: by Violeria dogge wy it mei-inoar. Spilers, makkers en frijwilligers fan alle leeftiden krije de kâns om te ûntdekken, te groeien en foaral te genietsjen fan teater.

Mei ús jubileum nimme wy jimme grutsk mei troch de skiednis — en sjogge wy tagelyk foarút nei de folgjende hûndert jier.

Lês mear oer Violeria

Tige wiis binne wy

my ús stipers:

Jo logo hjir?

Wolle jo as sponsor meidwaan en jo logo hjir werom­sjen?
Nim dan kontakt op mei ús sponsoringsteam — wy fertelle graach wat de mooglikheden binne.